Fernielings op De Gordyk

19 apr 2009 - 16:20
  • Foto's: Henk Stoelwinder

Op De Gordyk binne yn de nacht fan sneon op snein fyftjin ruten fernield fan gebouwen oan de Stasjonswei en dêr yn de buert.

In tsjûge is noch op de fyts stapt om trije jonges yn donkere klean te folgjen, mar hy koe harren net mear efterhelje. Op de Lijnbaan stie om 04.30 oere hinne in kontener yn 'e brân. It die bliken dat dy oanstutsen wie. De brânwacht hat it fjoer útmakke. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)