Seehûn Seppe yn fûke swommen

Freed waard Seppe ophelle by Snits
Seehûn Seppe is nei alle gedachten yn in fûke swommen en doe ferdronken. Dat docht bliken út de seksje op it bist. Freed spielde de seehûn oan op it starteilân yn de Snitsermar. Meiwurkers fan de seehûnekresj ha it bist meinommen.
Fuortdaliks wie al dúdlik dat it Seppe wie, dy't op 14 febrewaris ûtnaaid wie út de kresj. Meiwurkers hiene in stek iepen stean litten. Seppe wie net fermeagere en yn syn mage wiene resten fan fisken te finen.