Jild ophelle foar ferbouwing

19 apr 2009 - 15:48

Yn Makkingea is sneon flink wat jild ophelle foar de ferbouwing fan mûne De Weyert en museum Oold Ark. De mûne en it museum krije nei de ferbouwing ien yngong en ien romte foar de ûntfangst fan besikers en foar ekspoysjes.

Dêrfoar is mei-inoar 140.000 euro nedich. Dat komt foar in grut part fan de gemeente, de provinsje en oare fûnsen. Yn Makkingea sels gongen frijwilligers sneon by de doarren del om sertifikaten te ferkeapjen. Yn totaal is der sneon 3000 euro ophelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)