Brânstifting yn Balk

19 apr 2009 - 14:23

Yn de Bogermanstrjitte yn Balk is yn de nacht fan sneon op snein in man fan De Lemmer oanholden, omdat er dêr wat yn de brân stutsen hie. In befeiligingsman fan in hoarekagelegenheid belle de plysje.

Doe't de plysje kaam, wie de Lemster noch yn de buert fan de brân. De befeiliger sei dat it deselde man wie dy't it brantsje ek oanstutsen hie. Dêrnei is de man út De Lemmer meinommen nei it plysjeburo foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)