Auto yn sleat by Poppenwier

19 apr 2009 - 14:06

In 23-jierrige man út Ljouwert is sneontejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de Poppenwiersterdyk by Poppenwier. In 22-jierrige man út Poppenwier kaam fanút de rjochting Raerd en moast útwike foar in oerstekkend bist.

Hjirby kaam er yn de berm terjochte en rekke nei in stjoerkorreksje yn de slip. De auto sloech in pear kear oer de kop en kaam yn de sleat ta stilstân. De sjauffeur hie neat, mar syn passazjier is mei ferwûnings oan it skouder nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)