Man mei hammer achter bern oan

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontejûn yn de Dahliastrjitte yn Ljouwert in 66-jierrige man út Ljouwert oanholden op fertinking fan fernielings. Nei't de man troch bern narre waard, gong er mei in hammer achter de bern oan en fernielde fjouwer ruten fan de wenning fan ien fan de bern.
Ek bedrige er de heit fan it bern mei de hammer. De 45-jierrige heit hat oanjefte dien.