Lia Dekker ferbetteret rekôr

19 apr 2009 - 13:14

Lia Dekker fan Drachten hat snein yn de searjes fan de swim-cup yn Amsterdam it Nederlânsk rekôr op de 200 meter skoalslach ferbettere. Dekker tikke oan yn in tiid fan 2.28,57.

It âlde rekôr stie ek op har namme. Dat wie fan desimber 2008 mei 2.30,09. It limyt foar de wrâldkampioenskippen yn july yn Rome stiet op 2.27,28. Sneintemiddei stean de finales op it program.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)