NCRV siket moaiste tsjerke

19 apr 2009 - 10:16

De Gertrudistsjerke fan Warkum, de Karmeltsjerke yn Wâldsein en de protestantske tsjerke fan Ingwierrum binne nominearre as moaiste tsjerke fan Fryslân. It giet om in ferkiezing fan de NCRV-radio. Dizze omrop siket úteinlik nei de moaiste tsjerke fan hiel Nederlân.

Harkers kinne har stim útbringe fia ynternet. Op Earste Pinksterdei wurdt de winner bekind makke. Der binne mear as hûndert tsjerken nominearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)