Buert ferbjustere oer drama

Famylje en buertbewenners binne ferbjustere oer it nijs dat it by de moardsaak yn de Ljouwerter Jan Lievensstrjitte giet om in famyljedrama. Freed makke de plysje bekend dat de 71-jierrige Ritske Ronner tiisdeitenacht earst syn frou en dêrnei himsels deasketten hat.
It nijs is by de buorlju ynslein as in bom, want net ien hie soks ferwachte. De Jan Lievensstrjitte is wer frijjûn troch de plysje. Geregeld komme der minsken del, dy't even by it hûs sjogge.