Feanliken yn Drachten

18 apr 2009 - 15:28
  • De feanliken yn it sintrum fan Drachten
  • Feestfierders yn karnavalsklean

Yn it sintrum fan Drachten wie sneon in apart taferiel te sjen. Under wite doeken leinen sabeare feanliken. Om it noch frjemder te meitsjen waarden de plakken besocht troch sechtich feestgongers yn karnavalsklean.

It taferiel is ûnderdiel fan in promoasjekampanje foar it byldzjende keunstwykein yn Drachten, dêr't sechtjin keunstners oan meidogge. Keunstner Henk Hofstra sit achter dit alles. Hy is ek bekend fan it keunstprojekt de blauwe dyk yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)