Kylboatsintrum Snits iepene

18 apr 2009 - 15:23
  • It nije kylboatsintrum
  • Je stappe sa yn de boat

Op it starteilân yn de Snitsermar is sneon it nasjonaal kylboatsintrum iepene. Dat is in opliedingssintrum foar jonge wedstriidsilers. Yn it sintrum sit in ynstruksjeromte, der binne klaaikeamers en der kin oernachte wurde.

En yn in pear tellen lizze de boaten yn it wetter. It is in ideaal plak foar jonge wedstriidsilers. Ek de rest fan it starteilân hat in opknapbeurt hân. Der is in nij húskegebou boud en der is in passantehaven bykaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)