Trekker botst tsjin fytsster

© Omrop Fryslân
Op de Lytsewei yn Droegeham hat sneintemoarn in botsing west tusken in trekker en in frou (25) op de fyts. De trekker waard bestjoerd troch in 64-jierrige man út Eastermar dy't fan De Harkema rjochting Droegeham ried.
Doe't er rjochtsôf it lân yn ried seach er dêrby de fytsster út Koatstertille oer de holle en botste de frou tsjin de trekker oan. Se is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehús fan Drachten brocht.