Geweldpleging yn Drachten

18 apr 2009 - 13:29

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon yn Drachten fiif manlju oanhâlden op fertinking fan iepenlike geweldpleging. Meiwurkers fan in winkel seagen by it ferlitten fan de saak de mannen oer it stek fan it terrein klimmen.

De manlju makken rúzje mei de meiwurkers en bedrigen har. Ien fan de meiwurkers belle dêrop 1-1-2. De plysje kaam en hat de Drachtsters oanhâlden en meinommen nei it buro foar ferhoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)