Parkeargaraazje Saailân slút

18 apr 2009 - 12:48

De parkeargaraazje ûnder it Saailân yn Ljouwert giet sneintemiddei om 12.00 oere foar oardel jier ticht. De lêste jierren is al net folle mear oan grut ûnderhâld dien, omdat der al lang plannen wiene foar de oanpak fan it Saailân-gebiet.

De garaazje sil hielendal opknapt wurde en sil foaral rommer en ljochter wurde. Automobilisten kinne tenei dei en nacht parkeare yn de parkeargaraazje by de Aldehou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)