Cohen yn it Frysk ek live

De CD 'Cohen yn it Frysk'
De súksesfolle CD fan Cohen yn it Frysk krijt in ferfolch op it poadium fan de Lawei. Op 4 septimber wurdt in konsert jûn mei Frysktalige lietsjes fan Leonard Cohen. Alle 12 Fryske artysten dy't op de CD steane, dogge ek mei oan it konsert, lykas Marius de Boer, Gurbe Douwstra, Piter Wilkens en Elske de Wall.
Sy sille har eigen lietsje spylje, mar der binne ek nije lietsjes te hearren. Oft der letter mear konserten folgje, is noch net bekend.