Smellingerlân bêste gemeente

18 apr 2009 - 09:43

De gemeente Smellingerlân is keazen as gemeente fan it jier yn de provinsje Fryslân. Twadde waard Ljouwert, tredde waard Skarsterlân. De ferkiezing is organisearre troch de Telegraaf en de website gemeente.nu.

Der waarden 30.000 stimmen útbrocht. De stimmers hawwe har gemeente beoardield op saken as feilichheid, ferkear en ferfier, iepenbiere romte, wenjen en de tsjinstferliening troch de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)