'Oankeap JSF útstelle'

17 apr 2009 - 21:28
  • Joint Strike Fighter

De 28 doarpen en wiken om de Ljouwerter fleanbasis hinne, roppe de Twadde Keamer yn in brief op om net akkoart te gean mei it keapjen fan in testtastel fan de JSF, de opfolger fan de F-16. De Joint Strike Fighter soe folle mear leven meitsje.

Yn it brief wurdt ek frege om in ûndersyk nei it lûdsnivo fan de ferskillende tastellen. As der keazen wurdt foar in testtastel fan de JSF, heakket konkurrint Saab ôf, sa miene de doarpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)