Bou ôffaloven fan start

De bou is freed offisjeel úteinset
Omrin docht alle jierren ferslach fan alle effekten dy't de nije ôffaloven yn Harns op it miljeu hat. Dat is freed tasein by de offisjele start fan de bou fan de ôffaloven.
It hat 3,5 jier duorre foardat de ôffaloven boud wurde koe yn Harns. It sil noch twa jier duorje foardat de goed 150 miljoen euro kostjende sintrale der stiet. Tsjinstanners stapten fjouwer kear nei de rjochter sûnder resultaat. De oven foldocht oan de strangste miljeu-easken.