Suster fan Ronner fan slach

Griet Ronner kaam faak by har broer oer de flier
Griet Ronner (69) fan Ljouwert is noch hieltyd fan slach. Dizze wike waard har broer Ritske en syn frou Ria dea fûn yn har wenning oan de Jan Lievensstrjitte. De lichems fan Ritske en Ria Ronner binne yntusken frijjûn oan de famylje. Ritske wie de âldste broer yn it gesin mei fjouwer bern. Fan 1957 ôf siet de famylje in ferskate hoarekasaken yn Dokkum.