Mei skûtsje nei Volendam

17 apr 2009 - 14:40

Studinteferiening Bernlef út Grins sil woansdei mei in skûtsje nei Volendam. Dêr spilet SC Hearrenfean de heale finale fan de KNVB-beker. It is foar it earst dat supporters mei in skûtsje nei in útwedstriid gean. As de Friezen winne, wol Bernlef op 17 maaie achter de klup oan reizgje nei de finale yn de Kuip. Rotterdam leit ommers ek oan it wetter.

De aksje is it begjin fan aktiviteiten yn it ramt fan it 85-jierrich bestean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)