Väyrynen suksesfol behannele

Mika Väyrynen suksesfol behannele
Mika Väyrynen is yn Finlân suksesfol behannele oan syn rjochterkrúsbân. De middenfjilder fan SC Hearrenfean rekke ein jannewaris blessearre yn de útwedstriid tsjin Ajax. Väyrynen bliuwt de kommende moannen yn syn heitelân.
De ferwachtings binne dat er oer sa'n trije moannen weromkomt nei It Hearrenfean. Begjin 2010 kin er mooglik wer yn aksje komme.