Seehûn Seppe is dea fûn

Deade seehûn is Seppe
De deade seehûn dy't freed by it Starteilân by Snits oanspield is, is Seppe. Dit bist wie yn ferbrewaris mei noch twa seehûnen ûntsnapt út de kresj fan Pieterburen. De seehûn is út it wetter helle en oan it merkje op syn liif koene de minsken fan de kresj sjen dat it om Seppe giet.
Yn febrewaris is mei man en macht besocht it bist te fangen, ûnder oare yn Mildaam, mar dat slagge net. It bist ûntkaam hieltyd. Uteinlik hat Seppe it aventoer dus net oerlibbe