Buertûndersyk smyt ynfo op

Buertûndersyk smyt soad ynformaasje op
De plysje hat in soad ynformaasje krigen út it buertûndersyk nei oanlieding fan de dea fan Ritske en Ria Ronner. Dat hat neffens in wurdfierder te krijen mei it feit dat de slachtoffers yn in folksbuert yn Ljouwert wennen.
Ritske en Ria Ronner waarden tiisdeitemoarn dea fûn yn har hûs oan de Jan Lievensstrjitte. Se binne troch in misdriuw om it libben kaam, mar de plysje wit noch net wat der krekt bard is.