Amerikaan skriuwt boek oer NHL

17 apr 2009 - 09:34

In studint (20) út Amearika hat in boek skreaun oer it ûnderwiis en it studintelibben yn Noard-Nederlân. Michael Nocella studearre trije moanne oan de NHL yn Ljouwert. Yn dy tiid hat er by alve middelbere skoallen yn Grinslân en Fryslân op besite west. Hy observearre studinten en dosinten by wiskunde en skiekunde.

Yn 'Terra Incognita, From suburbs to Frisia' beskriuwt er ûnder oare it ferskil fan ûnderwiis yn Nederlân en Amearika.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)