Follyballers Snits degradearje

17 apr 2009 - 09:09

It manljusfollybalteam fan VC Sneek is tongersdeitejûn offisjeel degradearre. De Snitsers ferlearen it foarlêste duel fan de kompetysje mei 3-0 fan Martinus út Amstelveen. Se kinne Voorburg, dy't ien nei lêst stiet, net mear ynhelje.

Snits degradearret fan de B-league nei de earste divyzje. It is noch net wis as de ploech dêr ek yn útkomt. De klup hat muoite in team byelkoar te krijen dat sterk genôch is. De kommende wiken sil dat dúdlik wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)