Treinkaartsjes op ynternet

17 apr 2009 - 07:14

De Friese Stoomtrein Maatschappij sil as earste stoomspoarbedriuw yn Europa e-tickets brûke. Foar it jierlikse stoomwykein tusken Snits en Starum kinne reizgers op ynternet in kaartsje foar de trein keapje. Se krije it kaartsje dan oer de e-mail tastjoerd. Dêrmei kinne reizgers yn Snits of Starum op de trein stappe.

Mei de test besjocht de Friese Stoomtrein Maatschappij oft de kaartsjes fia it ynternet takom jier yn hiel Nederlân ynfierd wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)