Personiel bank ûntefreden

Personiel Friesland Bank net tefreden oer sosjaal plan
It personiel fan de Friesland Bank sjocht neat yn it sosjaal plan dat de direksje fan de bank oanbiedt. Dat die tongersdeitejûn bliken op in spesjaal oerlis tusken it personiel en de fakbûnen.
By de Friesland Bank moatte goed 250 banen skrast wurde en ferdwine acht festigings. Dizze maatregels moatte neffens de direksje naam wurde om't de bank ferline jier foar it earst yn har bestean ferlies makke hat. Dat ferlies is 75 miljoen euro.