Gearwurking A-7 sikehuzen

16 apr 2009 - 17:27
  • Sikehûzen wurkje gear by oanpak boarstkanker

Boarstkankerpasjinten kinne yn de takomst better en flugger holpen wurde yn de trije A-7 sikehuzen. Dat komt omdat sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten, De Tjongerskâns op It Hearrenfean en it Antoniussikehûs yn Snits op deselde wize de pasjinten helpe wolle.

No besteane der noch lytse ferskillen yn oanpak. As der yn it iene sikehûs no in wachtlist is, dan kin de pasjint yn it oare sikehûs fierder gean mei de behanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)