'Skarsterlân moat fusearje'

Skarsterlân ûntkomt net oan weryndieling
De gemeente Skarsterlân kin net selstannich bestean bliuwe. De bêste opsje foar de takomst is in fúzje mei de gemeenten Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân. Dat is it advys út in ûndersyk dat de gemeente útfierd hat.
De kommende wiken wurdt it ûndersyk bepraat mei de ferskillende gemeenterieden. Ek komme der gearkomsten foar de ynwenners, ûndernimmers en de ferienings foar doarpsbelangen yn Skarsterlân.