Oanhâldings by pleats De Tille

De pleats yn Koatstertille
De plysje hat yn Koatstertille in feehâlder oppakt fanwege bedriging fan meiwurkers fan de Algemiene Ynspeksje Tsjinst, de AID, en de plysje. De ynspeksjetsjinst wie by de pleats fan de man om 150 kij yn beslach te nimmen, dy't ferwaarleaze wêze soene.
By it fuortheljen fan it fee ried de feehâlder mei in trekker op de meiwurkers fan de AID yn. Hy is oppakt foar besykjen ta deaslach. Ek syn suster en broer sitte fêst.