Gemeente brekt jongerekeet ôf

16 apr 2009 - 14:21

De gemeente Wûnseradiel hat in yllegale jongereinkeet oan de Doniawei yn Burchwert oprêden. Mei in kraan is de keet tongersdei ôfbrutsen. De keet stie der noch mar trije wike. Sân wike lyn wie it âlde ûnderkommen troch noch ûnbekende oarsaak útbaarnd.

Om't de jeugd gau wer in nij plakje ha woe, is der yn sân hasten in nije keet delset. De jeugd fan Burchwert is fernuvere oer de sloop, omdat der op dat plak altyd al in jongereinûnderkommen stie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)