Rekonstruksje dea echtpear

Rekonstruksje moat mear dúdlikheid jaan
Fan de omstannichheden by de dea fan Ritske en Ria Ronner út de Jan Lievensstrjitte yn Ljouwert wurdt in rekonstruksje makke. De plysje hopet sa in dúdlik byld te krijen fan wat him yn de wenning op it tiidstip fan it misdriuw ôfspile hat.
It echtpear Ronner waard tiisdeitemoarn dea yn harren hûs fûn. Der waard tongersdei noch folop ûndersyk dien yn de wente. It is noch net dúdlik wannear't de direkte omjouwing wer frijjûn wurdt.