SC Cambuur fit nei Maastricht

16 apr 2009 - 13:21

Sportklup_Cambuur reizget freed mei in fitte seleksje ôf nei Maastricht foar de wedstriid tsjin MVV. Michael Jansen foel ferline wike tsjin Helmond Sport út, mar kin tsjin MVV wer spylje. Paul Beekmans trainde tongersdei út foarsoarch net mei de seleksje, mar ek hy is ynsetber. Hy hie lêst fan it ankel.

Pieter Collen is wer werom út Skotlân dêr't hy staazje rûn by Aberdeen. Dat is him goed befallen en hy wachtet no ôf wat de Skotske klup mei him wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)