Boarnsterhim krijt swimbad

16 apr 2009 - 12:19

Boarnsterhim krijt yn de simmer fan 2010 wer in swimbad. Dat is wol wat bysûnder want it grutte swimbad yn Grou is fuort en it nije swimbad komt by in fersoargingshûs.

It giet om mienskipssintrum Leppehiem yn Akkrum. Leppehiem wreidet nammentlik út mei in nije fleugel en de plannen dêrfoar geane definityf troch. Yn de nije fleugel komme 32 nije apparteminten en in swimbad fan beheinde ôfmjittings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)