Trije listlûkers EKP

16 apr 2009 - 11:49

De Nederlandse Klokkenluiders Partij wol mei trije listlûkers meidwaan oan de Europeeske Ferkiezings as de EKP, de Europeeske Klokkenluiders Partij. Dat trio fan de EKP: Joeri Wiersma fan Ljouwert, Engel Vrouwe fan Wergea en Harm Wiersma fan Goutum.

De partij hat as belangrykste programmapunt it oanpakken fan de Europeeske bestjoerskultuer. De Klokkelieders moatte earst noch genôch stipeferklearrings krije om oan de ferkiezings meidwaan te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)