5,8 prosint mear wurkleazen
De wurkleazens yn Fryslân is yn maart dit jier 5,8 persint tanaam yn ferliking mei in jier earder. Dat komt del op krapoan 20.000 wurksykjende Friezen.
Oer hiel Noard-Nederlân is it tal wurkleazen yn in jier tiid mei 5 persint groeid, lanlik is dat 5,3 persint. Yn de trije noardelike provinsjes hawwe op it stuit mei-inoar 58.000 minsken gjin wurk.