Sligro lijt net ûnder resesje

© Omrop Fryslân
Gruthannel en supermerkkonsern Sligro mei festigings yn Drachten en Ljouwert hat it earste fearnsjier fan dit jier in omset draaid fan 518 miljoen euro. Dat is mar in lyts bytsje minder as dyselde perioade ferline jier. De winkels fan de gruthannels ha wol mear omset draaid. Dy groei kaam yn trochsneed út op goed fiif persint.
It bedriuw wol noch gjin útspraken dwaan oer de ferwachtings foar de rest fan it jier.