Bedriging mei messen

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat op de Wismastate in man oanhâlden foar bedriging. De 37-jierrige man hie in plakgenoat fan 26 jier mei messen bedrige. It is noch net dúdlik wêrom.
Op grûn fan it sinjalemint waard earst in ferkearde fertochte oanhâlden. Letter folge in twadde oanhâlding. Dy man bekende fuortendaliks. De man is foar ûndersyk oerbrocht nei it buro.