Man stekt eigen hûs oan

16 apr 2009 - 10:23
  • De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle (foto: Jan Beets, 112 Grinslân)

In man fan 68 út Kollum is woansdeitejûn oanhâlden om't er syn eigen hûs yn 'e brân stutsen hawwe soe. De brânwacht hie it brantsje yn it hûs oan de Hurddraversbaan gau ûnder kontrôle.

In tsjûge hie de man sizzen heard dat er syn hûs oanstekke soe. De bewenner dy't yn de war wie, waard letter oanhâlden. Hy sit noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)