Reklamepriis: 9 gadingmakkers

De sjuery fan de Fryske Reklamepriis 2009 hat 4 tv-kommersjals en 5 radiospots nominearre. De fjouwer nominearre tv-spots binne Imtech, Keunstwurk mei de oankundiging fan it Frysk festival, Agri Retail (Welkoop) en Homecenter mei it boadskip 'Wenje'.
De nominaasjes foar de bêste Fryske radiospot binne foar Arriva, Keunstwurk, Joop Zandberg út Grou, Lippe Lap en Drukkerij Telenga fan Frjentsjer. De winners wurde op moandei 20 april bekend makke.