Houten brêge hjit Krúsrak

15 apr 2009 - 21:20

De houten brêge oer de rûnwei yn Snits hjit Krúsrak. Dat is woansdeitejûn bekend makke by de offisjele iepening. Der wie in wedstryd foar útskreaun. De namme waard betocht troch twa ferskillende minsken en is keazen út 400 ynstjoerings.

Krús ferwiist nei de struktuer fan de brêge en it is in term út de wettersport. Dat past goed by Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)