Jonkje te wetter

15 apr 2009 - 20:38

In jonkje út Eastermar is woansdeitemiddei by de E.M. Beimastrjitte yn syn wenplak yn it wetter fan De Lits fallen. Om't it der earst slim útseach, waard ek de traumahelikopter ynsetten. It slachtofferke is mei de ambulânse en ûnder begelieding fan de plysje nei it sikehûs yn Grins brocht.

Dêr die bliken dat it neffens de omstannichheden goed mei him gie. It is noch net dúdlik hoe't it jonkje yn it wetter rekke is,

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)