De Wierde stillein om asbest

15 apr 2009 - 17:01

De ferwurking fan smoargens op ekopark de Wierde yn Aldehaske is woansdei fuortendaliks stillein nei de fynst fan asbest. Meiwurkers herkenden de platen as asbest tusken it smoargens dat oanfierd wurdt op de rinnende bân.

De hal is fuortendaliks ûntromme. In buro is ynskeakele om út te sykjen oft it echt om asbest giet. Ek wurdt útsocht oft de meiwurkers mooglik in sûnensrisiko rinne. Sa lang as it fabryk stilleit, wurdt de smoargens nei kollega-ôffalferwurkers brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)