Mid-Fryslân hat nije trainer

Peter Tolsma, no noch spiler mar aanst trainer Mid-Fryslân
Kuorbalferiening Mid-Fryslân hat foar takom seizoen Peter Tolsma oanlutsen as nije trainer. De 41-jierrige Tolsma spilet no noch by de klup út Reduzum en Grou, mar hâldt nei dit seizoen op as spiler. Hy wurdt de opfolger fan Jan Sjoerd Pool dy't de lêste jierren in protte súkses hân hat mei Mid-Fryslân.
Yn de ôfrûne sealkompetysje waard de ploech yn de krúsfinale útskeakele troch KVS fan Skeveningen foar in plak yn de kuorballeague.