Drachtster Boys winne by Viboa

15 apr 2009 - 14:47

Drachtster Boys hat tiisdei yn Winsum mei 5-1 fan Viboa wûn. Benammen yn de twadde helte wienen de Drachtsters folle sterker. Mei it skoft wie de stân noch 0-0. Yn septimber waard degradaasjekandidaat Viboa thús ek al mei 5-1 ferslein.

Drachtster Boys is troch de oerwinning hast wis fan liifsbehâld yn 'e earste klasse. De ploech fan trainer Luitzen Nijboer stiet no op it sânde plak. Mei trije wedstriden te spyljen hawwe se seis punten foarsprong op nûmer tsien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)