Swammen yn Jirnsumer Kattehûs

15 apr 2009 - 13:59

Doarpshûs it Kattehûs yn Jirnsum hat te krijen mei agressive swammen. De skimmels taaste de houten flierren fan it gebou slim oan. Yn septimber sakke in liedster fan it pjutteboartersplak al mei har hakke troch de flier hinne.

Ferfanging fan de flier kostet 50.000 euro en dat jild is der net. En it is mar de fraach oft Boarnsterhim jild hat foar it Kattehûs. Neffens Sybren Boschma is in bijdrage fan de gemeente nedich, want oars moat it doarpshûs de doarren slute.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)