Seksje op echtpear Huzum

De plysje is noch drok dwaande mei it spoare-ûndersyk yn de Jan Lievensstrjitte
De plysje is woansdei fierder gien mei it ûndersyk nei de dea fan Ritske en Ria Ronner út de Jan Lievensstrjitte yn Ljouwert. It echtpear waard tiisdei dea fûn yn har hûs. De plysje giet út fan in misdriuw. Tiisdei is ek in grut buertûndersyk fan start gien en dat ûndersyk is woansdei fierder útwreide.
De twa stoflike omskotten binne tiisdeitejûn oerbrocht nei it Forensisch Instituut yn Rijswyk. Hjir sil seksje plakfine. Der wurkje noch hieltyd 25 plysjeminsken oan de saak.