Lesprogramma krijt 'Skries'

De winners fan 'e Sulveren Skries
De provinsjale priis foar natuer- en lânskipsbehear, de Sulveren Skries, giet dit jier nei in lesprogramma foar bern yn de noardlike Fryske Wâlden.
Bern dogge by dat lesprogramma mei oan in fjildwurkdei. Sa leare se oer de natuer en de kultuerhistoarje fan 'e wâlden. De priis is woansdeitemoarn útrikt yn it provinsjehûs yn Ljouwert. It giet om 2500 euro en in sulveren leppel. Oare nominaasjes wiene in enerzjysintrale op hout en de konsulint fan de skriezekriten Fryslân.