Pealtsjes mei nûmers te djoer

15 apr 2009 - 09:55

Yn it bûtengebiet fan Achtkarspelen komme gjin reflektearjende pealtsjes mei hûsnûmers. Sokke pealtsjes binne fierstente djoer, fynt de gemeente. It delsetten fan sa'n tûzen pealtsjes kostet 60.000 euro. It ûnderhâld kostet alle jierren hast 18.000 euro.

De gemeenteried hie om de pealtsjes frege, omdat plysje, brânwacht en ambulânses huzen yn it bûtengebiet mar min fine kinne. De helptsjinsten brûke lykwols hieltiid faker navigaasjesystemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)