Trije nominaasjes foar Skries

15 apr 2009 - 09:50

Der binne dochs noch trije projekten nominearre foar de Sulveren Skries dy't woansdei útrikt wurdt yn it provinsjehûs yn Ljouwert. Dat is in priis foar it bêste inisjatyf op it mêd fan agrarysk natuer- en lânskipsbehear. Earder moast de ynstjoertermyn ferlingd wurde, omdat der noch mar ien nominaasje wie. De winner fan de priis krijt 2500 euro.

In eardere winner wie bygelyks in projekt om bermen sa te meanen dat fûgels sparre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)